Nee, it giet my om ‘e fakânsje op sich. It miene sa nedich “fuort” te moatten. Dat hoecht om my net. En
dan sil ik wol de ienichste wêze hjer, tink ik wol ris. Mar
as ik sa om my hinne sjoch dan tink ik wat in gesoademiter. De saneamde stress
begjint ommers al mei it útsykjen wêr as jo
hinne sille. It leafst in goed ein fuort fansels. Yn alle gefallen fierder as wêr buorman hinne giet. Want ja, ferskil moat der bliuwe no? As it dan safier
is dan moatte de koffers ynpakt wurde. It mei oan neat ûntbrekke dat jo slepe grif fierstente folle mei. Mei it fleantúch as mei de auto der hinne ride. No lekker hjer, ik wit net hoefolle oeren
op ‘e krint sitte. Op syn moaist yn ‘e file bedarje, en dan it paad net fyne
kinne tink. Sjoch, dan begryp ik dat jo wol oan fakânsje ta binne; de eagen boppe yn ‘e holle en lulk as in spiker want jo
koene net avensearje.. Dan binne jo ta oan wat rêst!
Mar wêrom moatte we no sa nedich fuort? Allinnich om der efkes út to wêzen? Efkes “wat oars”?
No, om my hoecht dat dus net. Ik ha
it hjir tige nei it sin. Wêrom sil ik yn in húske, tint as sleurhut krûpe wêr ik myn kont net keare kin, wylst ik hjir in prachtich hûs ha, mei in see fan romte om my hinne?Boppedat ha ik in prachtich útsicht. Ik sjoch swartbûnte kij rinnen yn it lân en ik kin kilometers fier fuort sjen. Ik ha alles by de hân, en wat ik net ha kin ik sa helje.
Wat moat ik dan noch mear?
En dan bin ik ek net iens te beroerd om te sizzen dat wy it tige nei it sin
hawn ha…
Geen opmerkingen:
Een reactie posten