maandag 27 augustus 2012

Noflike fakânsje?

Sa, de fakânsje sit der wer op, de bern gean moandei wer nei skoalle. Net dat ik it slim fûn om se om ‘e teannen te hawwen hjer, hielendal net. Ik fyn it krekt tige gesellich as se hjir oer de flier leine te boartsjen. En it is hiel noflik om se moarns net oan hoege te fiterjen om op ‘e tiid op skoalle te kommen. It tsieren ha ik persoanlik wat minder mei, mar hawar, dat skynt der ek by te hearren sizze se dan..

Nee, it giet my om ‘e fakânsje op sich. It miene sa nedich “fuort” te moatten. Dat hoecht om my net. En dan sil ik wol de ienichste wêze hjer, tink ik wol ris. Mar as ik sa om my hinne sjoch dan tink ik wat in gesoademiter. De saneamde stress begjint ommers al mei it útsykjen  wêr as jo hinne sille. It leafst in goed ein fuort fansels. Yn alle gefallen fierder as wêr buorman hinne giet. Want ja, ferskil moat der bliuwe no? As it dan safier is dan moatte de koffers ynpakt wurde. It mei oan neat ûntbrekke dat jo slepe grif fierstente folle mei. Mei it fleantúch as mei de auto der hinne ride. No lekker hjer, ik wit net hoefolle oeren op ‘e krint sitte. Op syn moaist yn ‘e file bedarje, en dan it paad net fyne kinne tink. Sjoch, dan begryp ik dat jo wol oan fakânsje ta binne; de eagen boppe yn ‘e holle en lulk as in spiker want jo koene net avensearje.. Dan binne jo ta oan wat rêst!

Mar wêrom moatte we no sa nedich fuort? Allinnich om der efkes út to wêzen? Efkes “wat oars”?
No, om my hoecht dat dus net. Ik ha it hjir tige nei it sin. Wêrom sil ik yn in húske, tint as sleurhut krûpe wêr ik myn kont net keare kin, wylst ik hjir in prachtich hûs ha, mei in see fan romte om my hinne?
Boppedat ha ik in prachtich útsicht. Ik sjoch swartbûnte kij rinnen yn it lân en ik kin kilometers fier fuort sjen. Ik ha alles by de hân, en wat ik net ha kin ik sa helje.
Wat moat ik dan noch mear?

 Nee, as ik mei fakânsje gean, dan is it allinnich om‘t  myn húsgenoaten graach fuort wolle. En fansels fermeitsje ik my dan ek wol hjer, dêr net fan. Al is it allinnich al dat ik dan gjin iten hoech te siiden… Want sjoch, dat wegerje ik dan fansels al. Dêr ha ik in gleone hekel oan, dat as it in bytsje kin dan lit ik dat dwaan..
En as ik dan sjoch hoefolle wille de mantsjes ha, dan is it my al gau nei it sin. Mar ik moat al tajaan dat ik it moaiste fan ‘e fakânsje it thúskommen fyn..  

En dan bin ik ek net iens te beroerd om te sizzen dat wy it tige nei it sin hawn ha…